SKS-skûtsjes wurde wer metten

13 okt 2000 - 18:26

De 14 SKS-skûtsjes wurde moandei op 'e nij metten foar in stabiliteitstest. Dêr hat it ôfrûne jier in soad om te dwaan west, mar no liket der dochs skot yn 'e saak te kommen.

Hast alle skippers, bemanningsleden en skûtsje-eigners wiene it tongersdei op in gearkomste yn Wâldsein iens mei de útstellen fan it SKS-bestjoer. Dat hie in wurkgroep oan it wurk set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)