SKS skrast ek middeiswedstriid

11 aug 2011 - 13:08

Der wurdt tongersdei definityf net skûtsjesyld by De Lemmer. Dat hat de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen besletten op advys fan de minwaarrie. Der stiet no noch mar ien wedstriid op it programma fan 'e SKS. Dat is de ôfslutende wedstriid fan freedtemiddei op 'e Snitsermar.

Dit betsjut dat it SKS-kampioenskip dit jier net út alve wedstriden bestiet, lykas wenst, mar út njoggen wedstriden. Earder dizze wike koe der net syld wurde by Ealahuzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)