SKS praat mei bestjoer Langwar

08 jan 2014 - 14:09

It bestjoer fan de SKS, de sintrale kommisje skûtsjesilen, sil de kommende tiid de bannen mei it bestjoer fan it skûtsje fan Langwar oanhelje. Beide bestjoeren ha dêroer ôfspraken makke.

Oanlieding is it opstappen fan skipper Jaap Zwaga. Hy is it mei it bestjoer fan Langwar net iens oer de te farren koers. Om't it probleem ek de SKS oangiet, hat dy Langwar om opheldering frege.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)