SKS net bliid mei Jouster aksje

10 feb 2003 - 00:00

It konflikt tusken de SKS en it skûtsje fan De Jouwer is noch net út de wrâld. It skûtsje waard ferline jier út de útslaggen skrast om't de boaiem net doge soe. De Jouster bemanning liet it skûtsje freed neimjitte, tsjin it sin fan de SKS.

De SKS wol neat witte fan de mjitterij troch in arsjitekteburo. De Jousters freegje no om in nij ûndersyk en om dúdliker regleminten. Dat fersyk komt op de earste SKS-gearkomste te praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)