SKS mei âlde regel ynfiere

18 apr 2003 - 00:00

De SKS krijt gjin problemen as se beslút dat allinne in skipper dy't fia syn heit fan in skippersfamylje ôfstamt, oan it helmhout fan in skûtsje stean mei. De wet gelikense behanneling jildt net foar ferienings, sa seit it anti-diskriminaasjeburo yn Ljouwert.

It buro hat op fersyk fan in bestjoerslid útsocht oft de SKS yn de swierrichheden komme soe as de âlde 'heit-regel' wer ynfierd wurdt. Guon SKS-skippers wolle dat graach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)