SKS-kampioenskip set wer útein

19 jul 2014 - 09:33

Mei de tradisjonele lotting yn Grou is freedtejûn it SKS kampioenskip offisjeel útein set. De jûn begûn mei in minút stilte foar de slachtoffers fan de fleanramp boppe Oekraïne. It SKS bestjoer hie it programma fierder ek feroare troch de live muzyk yn de tinte te skrassen. Nei taspraken fan wethâlder Feitsma en SKS-foarsitter De Jong lutsen de 14 skippers har eigen lot foar de wedstriden op De Feanhoop en Earnewâld.

By de 14 skippers sitte twa nijkommers: Alco Reijenga fan It Hearrenfean en Jeroen Pietersma fan Drachten. Ek twa skippers binne feroare fan skûtsje: Albert Visser sylt no foar De Lemmer en Johannes Meeter no foar Langwar. In oare belangrike feroaring is it skûtsje fan Pieter Meeter. Dat komt net mear út foar Boalsert, mar foar Akkrum. It seilteken binne de inisjalen fan Pieter Meeter, in P en in M yn de foarm fan in skûtsje. Sneontemiddei om twa oere wurdt úteinset mei it SKS-kampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)