Skriuwster De Vries skrikt fan kommoasje oer oarlochsdeiboek

04 des 2015 - 20:42
  • Skriuwster Nynke Sietske de Vries is skrokken fan de opskuor
  • It boek 'Sesi' is basearre op de oarlochsdeiboeken fan de mem fan de skriuwster
  • Oan it boek 'Sesi' is no in rektifikaasje taheakke

Skriuwster Nynke Sietske de Vries is bot skrokken fan de kommoasje dy't ûntstien is oer de publikaasje fan de oarlochsdeiboeken mei brieven fan har mem. Yn it boek Sesi omskriuwt har mem in boer yn de buert fan Penjum as in NSB'er. De famylje seit dat hy dat net wie en easket fia in advokaat dat alle boeken út de hannel nommen wurde.

Yntusken is de kjeld troch in petear wat út de loft, mar der binne freed wol rektifikaasjes pleatst yn in oantal kranten en yn de doarpsblêden fan Penjum en Wytmarsum.

Oan it boek sels wurdt in ekstra taljochting taheakke oan de ynlieding, wêrynt de skriuwster ôfstân docht fan de beskriuwingen fan har mem. Fan de tûzen printe eksimplaren binne der noch sa'n 600 oant 700 oer.

"Dit hie net sa moatten. Ik fyn it hiel erch dat dy minsken har sa kwetst fiele troch wat ik iepenbier makke ha", sa seit De Vries. Foar de publikaasje hat sy de oantekens en brieven fan har mem tal fan kearen lêzen en noch oerwage om de namme fan de boer te feroarjen of fuort te litten. Se tocht lykwols dat hy dan troch de kontekst dêr't er yn neamd wurdt dochs werkend wurde soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)