Skriuwersbungalow te kâld

06 des 2010 - 11:29

Yn 'e driuwende bungalow fan 'e VPRO yn it Lauwersmargebiet sitte dizze wike gjin skriuwers. Ferline wike moast Ester Naomi Perquin mei in helikopter út de bungalow weihelle wurde, omdat der troch de kjeld gjin ferwaarming en drinkwetter mear wie.

De VPRO slút sûnt septimber skriuwers in wike yn ôfsûndering op, om te sjen wat dat mei harren docht. Arjen Lubach sit dizze wike yn in sjalet op in kemping by de Lauwersmar. It projekt fan de VPRO duorret noch twa wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)