Skriuwersboun wol selsstanich Omrop Fryslân

12 jun 2015 - 16:49
  • De facebookside Omrop Fryslân selsstannich

It Skriuwersboun wol dat Omrop Fryslân bestjoerlik, finansjeel en organisatoarysk selsstannich bliuwt. It bûn is net gerêst op de posysje fan it Frysk as de omrop har selsstannigens ferlieze soe. De Omrop is neffens it bûn in tige wichtige pylder fan de ynfrastruktuer fan de Fryske taal.

It Skriuwersboun hat der gjin betrouwen yn dat de Omrop dy funksje útfiere kin sa’t it dat no docht, as it opgiet yn in grutter, lanlik en Nederlânsktalich gehiel.

It Skriuwersboun is de feriening dy’t de belangen behertiget fan hast twahûndert Frysktalige skriuwers, sjoernalisten, oersetters, dosinten en bloggers.

Dit is de ferklearring sa't it Skriuwersboun dy freed ferspraat hat:

It Skriuwersboun is net gerêst op de posysje fan it Frysk by Omrop Fryslân as de omrop har selsstannigens ferlieze soe. De Omrop is in tige wichtige pylder fan de ynfrastruktuer fan de Fryske taal. Omrop Fryslân is ûnmisber as de grutste Frysktalige produsint fan nijs, edukatyf materiaal en ferdivedaasje fia de massamedia radio, tillevyzje en ynternet. It Skriuwersboun hat der gjin betrouwen yn dat de Omrop de funksje dy’t it foar de Fryske taal hat, útfiere kin sa’t it dat no docht, as it opgiet yn in grutter, lanlik en Nederlânsktalich gehiel. Yn it belang fan de Fryske taal en kultuer moat Omrop Fryslân finansjeel, bestjoerlik, organisatoarysk en redaksjoneel selsstannich bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)