Skriuwers yn driuwend hûs

20 aug 2010 - 17:38

Op 'e Lauwersmar sille fan septimber ôf fyftjin skriuwers elts in wike lang opsletten wurde yn in driuwend hûs. De dielnimmers meie dy wike gjin kontakt ha mei de bûtenwrâld - gjin tillefoan en ynternet dus - en leverje alle dagen in ferslach oan radioprogramma De Avonden fan de VPRO.

Dat programma die 15 jier lyn in tsjinoersteld eksperimint. Doe mochten skriuwers yn Rotterdam allinnich mei moderne media kommunisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)