Skriuwer Marten Sikkema stoarn

05 maaie 2005 - 13:27

Skriuwer Govert Alettinus Gezelle Meerburg is ôfrûne moandei ferstoarn. Hy is 86 wurden. Under de namme Marten Sikkema makke hy foaral yn de jierren '40 en '50 namme as dichter. Ek skreau Sikkema ferskate essays en kritiken. Yn 1959 wûn er de Gysbert Japicxpriis mei syn bondel Seinen.

Gezelle Meerburg hat ek waarnimmend direkteur west fan de Fryske Akademy en haad fan de Regionale Omroep Noord en Oost (RONO).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)