Skriuwer Johan Veenstra wint Streektaalpriis

03 apr 2016 - 20:09
  • Johan Veenstra (midden) wûn de priis foar de twadde kear

Skriuwer Johan Veenstra fan Nijeholtpea hat de Streektaalpriis fan it Dagblad van het Noorden wûn. Dat waard snein bekend by de útrikking fan de priis yn Roden. Veenstra wûn de priis yn de kategory bêste poëzy en proaza foar syn boek 'Een vrouw van ivoor', dat yn it Stellingwerfsk skreaun is. It is foar Veentra de twadde kear dat er dizze priis wint, hy wûn yn 2009 ek mei syn boek 'In brogge van glas'.

De sjuery wie te sprekken oer de ynhâld fan it boek, mar ek oer hoe't Veenstra gebrûk makket fan siswizen yn it Stellingwerfsk.

Johan Veenstra jout yn in reaskje oan tige bliid te wêzen mei dizze priis. "Ik had hier hielemaole niet op rekend, beslist niet, mar ik bin vanzels hatstikke bliede mit disse zo mooie pries!", sa seit Johan Veenstra yn it Stellingwerfsk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)