Skriuwen yn it Frysk wurdt hieltyd populêrder

21 jan 2016 - 14:36

It giet goed mei de Fryske taal. Dat docht bliken út it earste resultaten fan it grutte taalûndersyk dat de Fryske Akademy ôfrûne jier hâlden hat ûnder in lytse 3.800 Friezen. De taal wurdt net minder praat, ferstien en lêzen as 22 jier lyn, mar benammen it skreaune Frysk is dwaande mei in opmars.

It lêste falt benammen te ferklearjen trochdat in soad minsken it Frysk brûke op sosjale media lykas Facebook, Twitter en Whatsapp.

Spesjaal foar Omrop Fryslân jout de Fryske Akademy in foarpriuwke fan de earste resultaten fan it ûndersyk. Letter dit jier folget der noch in ynterview-ronde. De definitive resultaten sille yn desimber 2016 publisearre wurde.

Diskusje yn mediakafee

Foar it taalûndersyk stjoerde de Fryske Akademy begjin 2015 30.000 enkêtes út. De lêste kear dat der sa'n grut ûndersyk hâlden is, is 22 jier lyn. It programma Bynt stiet tongersdei folslein yn it ramt fan de Fryske taal. Yn in spesjale útstjoering yn it mediakafee wurdt oer it tema diskusjearre mei ûnder oaren deputearre Johannes Kramer, Jelle B. en Anna Marije Bloem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)