Skriuwen en lêzen leare yn de biblioteek

07 sep 2015 - 16:20
  • Spesjale kompjûter foar analfabeten om taal te learen

Trije nije saneamde digi-taalhuzen moatte soargje foar minder analfabetisme yn Fryslân. Fryslân telt op dit stuit rûchwei 70.000 minsken dy't net lêze en/of skriuwe kinne. Sy kinne help krije yn bibliotheken yn Snits, It Hearrenfean en De Jouwer.

It is no de Wike fan de Alfabetisearing. Spesjale oefenprogramma's yn de biblioteken moatte de minsken helpe by it learen fan de taal. De biblioteken sette dêrfoar in soad frijwilligers yn.

De digi-taalhuzen yn de biblioteken fan Snits en Joure gean tiisdei iepen en dat op It Hearrenfean freed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)