Skriuwe oer stikje farwei

21 mrt 2006 - 10:01

Hûndert skriuwers steane op 1 septimber bylâns de farwei tusken De Lemmer en Delfsyl. Fanút har observaasjepunten meitsje se in ferhaal oer har stikje fan de farwei. De observaasjes moatte in boek foarmje dat ein dit jier ferskynt.

By de skriuwers sitte sawol Fryske en Grinzer skriuwers as lanlik bekende nammen. De 'biografy' fan de farwei tusken De Lemmer en Delfsyl is ûnderdiel fan in keunstprojekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)