Skriuwe oer kanalen

24 aug 2006 - 09:48

Tachtich skriuwers sille nije wike freed in biografy skriuwe oer de farwei tusken De Lemmer en Delfsyl. De skriuwers sille op 80 ferskate plakken by it Prinses Margriet-Kanaal en it Van Starkenborgh-kanaal in ferhaal skriuwe oer wat se op dat plak sjogge en ûnderfine. It giet om plakken by brêgen, pontsjes en akwadukten.

Fryske dielnimmers oan it projekt binne ûnder oaren Klaas Jansma, Meindert Talma en Peter Karstkarel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)