Skriuw mar Frysk op Facebook

18 okt 2012 - 10:34

De Afûk wol brûkers fan social media lykas Twitter, YouTube en Facebook leare om better Frysk te skriuwen. De organisaasje komt fan moandei ôf alle wiken mei in nij filmke op de Facebookside en it Twitterkanaal fan Praat mar Frysk. Under dy namme fiert de Afûk kampanje om Friezen mear bewust te meitsjen fan har eigen taal en de mearwearde derfan.

'Professor' Henk leit yn de filmkes belangrike staveringsregels út. Mei-inoar wurde 14 regels behannele. Minsken kinne ek in diktee meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)