Skrik Crone oer rykstsjinsten

28 jun 2013 - 20:26

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is skrokken fan 'e besunigings op de rykstsjinsten yn Ljouwert en Fryslân. Dy binne grutter as yn de rest fan Nederlân. Dat is yn striid mei de útspraak fan de Twadde Keamer foar evenredige sprieding fan de besunigings. De ryksoerheid wurdt lytser en effisjinter en yn de perioade 2013-2020 nimt de wurkgelegenheid by it Ryk fierder ôf.

Minister Blok fan rykstsjinst jout wol oan dat it Iepenbier Ministearje en de belestingtsjinst yn Ljouwert minder ynkrimpe sille as earder it plan wie.

Definsje sil him ynsette foar behâld fan de wurkgelegenheid yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)