Skriezepleats yn Aldeboarn

28 maaie 2003 - 00:00

25 prosint mear skriezen, dat is it doel fan it projekt Nederland Gruttoland. Mei it oanwizen fan 25 Fryske skriezeboeren moat it tal skriezen wer op peil brocht wurde. It is foarearst in eksperimint fan trije jier.

De earste skriezepleats yn Noard-Nederlân is yntusken in feit. Dy stiet yn Aldeboarn. It giet min mei de skries: de populaasje is yn 15 jier tiid de helte lytser wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)