Skriezen oerwinterje hieltyd mear yn Portugal

23 feb 2015 - 14:34
  • Skries

Skriezen kieze winterdeis hieltyd mear foar Portugal yn stee fan Spanje. Dat foel ûndersikers op dy't yn it ramt fan it projekt Kening fan de Greide yn beide lannen ûnderweis wienen. Earder wie de trend al dat hieltyd mear fûgels net trochfleane nei Afrika en dat se net fierder komme as Súd-Europa.

Yn Spanje hat de skries mear en mear konkurrinsje krige fan kraanfûgels. Dy sochten om oar plak, omdat de lânbou yn de gebieten dêr't se sieten, yntensiver wurden is. De kraanfûgels skowe op nei skriezegebieten en de skriezen lûke nei Portugal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)