Skriezen binne úthongere

02 mrt 2012 - 12:13

In grut tal skriezen dat Fryslân ynkoarten oandocht om te brieden komt bot úthongere oan. Dat soe wolris min útpakke kinne foar it tal aaien dat de fûgel hjir yn ús provinsje leit. Dat ferwachtet Jos Hooijmeijer fan de Ryksuniversiteit Grins.

De fûgels hawwe by it oerwinterjen fierste min rys ite kind. De grûn wie te droech en te hurd om oan iten komme te kinnen. Se komme dêrom bot ferswakt en sterk fermeagere werom. Hooijmeijer dy't yn Koudum wennet, is krekt werom út Spanje dêr't er mei eigen eagen it probleem sjoen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)