Skrep helpt goed 100 minsken

23 apr 2014 - 14:00

It projekt Skrep hat ferline jier 104 minsken út de deiopfang fan Zienn en it Leger des Heils yn Ljouwert holpen. In grut part fan de dielnimmers wie dakleas mar hat no wenromte krigen. Ek dogge se mei oan aktiviteiten lykas it oprêden fan ôffal op strjitte, it sortearen fan klean of it helpen op in klusbus of grienprojekt.

Doel is om der foar te soargjen dat de minsken in better libben krije. Faak sitte se yn in sosjaal isolemint en ha psychyske, finansjele of ferslavingsproblemen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)