Skrassen ID-banen no definityf

07 jan 2003 - 00:00

Hûnderten ID- en WIW-banen yn Ljouwert geane definityf ferlern. It ministearje fan Sosjale Saken stelt dochs gjin ekstra jild beskikber, sa't heal desimber noch tocht waard.

De besunigings hawwe benammen gefolgen foar de stedswachten. Direkteur Sita Brandsma fan 'e stedswachten leit har noch net by de besunigings del. Se wol besykje om de ried op oare gedachten te bringen. Wethâlder Brok wol no sa gau mooglik mei har om 'e tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)