'Skras kampioenskompetysje mar'

13 maaie 2003 - 00:00

De neikompetysje om de algemiene lânskampioenstitel foar sneonsamateurs kin mar it bêste skrast wurde. Dat seit Frits Boerema fan de KNVB Noord. Neffens Boerema kin der allinnich fuotballe wurde as de feilichheid fan spilers en taskôgers garandearre wurde kin.

Ofrûne sneon die by de wedstriid Harkemase Boys - Quick Boys bliken dat soks dreech is. De twadde wedstriid Huizen - Harkemase Boys is al skrast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)