Skraal wykeinwaar, mar wol sinneskyn

08 okt 2015 - 07:59
  • Piet Paulusma

Yn it wykein wurdt it kâld sinneskynwaar, neffens waarman Pyt Paulusma. De kommende dagen is it noch hjerstich, mar dêrnei sakje de temperatueren. Troch de frij krêftige eastewyn fielt it kâlder oan as it echt is. Foardiel fan sok waar is de sinne, dy't him benammen snein wakker sjen lit. Sneintenacht sakket it kwik nei de 1 of 2 graden. Yn it easten en noardeasten kin in graadsje froast foarkomme.

De orkaan Joaquin komt dit wykein foar de Portugeeske kust te lizzen. Dat soarget yn Súdwest-Europa en it Middellânske-Seegebiet foar min waar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)