Skowende grêfstien Ealsum

17 feb 2009 - 17:16
  • It grêf sûnder grêfplaat

De koster fan Ealsum hat de ôfrûne moannen foar in grut riedsel stien. Op it tsjerkhôf is yn koarte tiid de dekstien fan in grêf fiif kear op ûnferklearbere wize ferpleatst. De earste kear dat de koster it seach, wie op Twadde Krystdei.

De plysje waard ynskeakele en de dekstien wer te plak lein. Dêrnei barde itselde noch trije kear. Nei't in kamera by it grêf pleatst wie, waard dúdlik dat it ferskowen in natuerlike oarsaak hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)