Skouting Harns ûnderdak yn nij gebou "It Dok"

05 sep 2015 - 15:12

Yn Harns is sneon it nije gebou fan de skouting offisjeel iepene troch boargemaster Roel Sluiter. It gebou "It Dok" stiet oan de Kanaalweg yn Harns en is de thúsbasis fan trije skoutinggroepen. Dêrby binne ek de wetterskouts fan Caspar di Robles en de Ontdekkers, in groep foar bern en folwoeksenen mei in ferstanlike of lichaamlike beheining. Sy dogge ek skoutingaktiviteiten, mar hawwe lytsere groepen en ekstra begelieding. Tagelyk mei de offisjele iepening wie it ek iepen dei, ûnder oare om nije leden, lieders en stazjêres te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)