Skouderklopke museum Damwâld

14 okt 2013 - 09:34
  • Sûkerei

De frijwilligers fan museum 'De Sûkerei' yn Damwâld hawwe ôfrûne sneon fan Dantumadiel '82 it Skouderklopke krigen. De partij rikt dy priis alle jierren út oan organisaasjes dy't har ynsette foar de mienskip.

It bestjoer fan de Sûkerei hopet op mear frijwilligers foar it museum. Dy binne ûnder oare nedich foar rûnliedings en ûnderhâld fan it kultuer-histoarysk museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)