Skou op trailer stellen

28 jul 2014 - 10:01

De plysje fan Snits siket in swarte Volkswagen Scirocco dêr't sneintenacht yn Baaium in boat op in trailer mei stellen is. In tsjûge seach dat de bestjoerder fan de Scirocco de trailer mei in skou, dy't op de oprit fan in hûs oan de Kleasterwei stie, efter de auto keppele en útnaaide. De plysje hat noch op ferskate plakken nei de auto socht, mar fûn dizze úteinlik net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)