Skotten folgje referindum

18 sep 2014 - 14:11
  • Annette Plantinga en Sybren Vis
  • Stuart Robertson

It referindum oer de ûnôfhinklikheid fan Skotlân wurdt ek yn Fryslân nau folge. Sybren Vis en Annette Plantinga út Ljouwert binne de eigeners fan de Skotske winkel Carrynette en komme alle jierren yn Skotlân. Beide spylje boppedat doedelsek yn de band Wandering Pipers Leeuwarden.

De ûndernimmers hawwe har betinksten by de ûnôfhinklikheid fan Skotlân. 'As se sa bestjoere as dat se hannelje, dan hâlde wy ús hert fêst. By de Skotten is it bytiden earst slaan en dan pas prate.'

Yn Hallum wennet de Skot om utens Stuart Robertson. Hy groeide op yn Glasgow, mar wennet no al acht jier yn Fryslân mei syn Fryske frou. Robertson mei tongersdei net stimme. 'Het is een keuze tussen gevoel en verstand. Mijn hart zegt ja, mijn verstand zegt nee'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)