Skotse kij yn Snits

08 des 2003 - 00:00

Op it âld stoart oan de Frisostraat yn Snits rinne fan takom jier ôf Skotse Heechlanners. De gemeente wol de bisten dêr brûke om de natoer optimaal te hâlden.

It eardere stoartplak is feroare yn in stedspark, it Rasterhoffpark. Mei it Woudvaartbos moat it stedspark yn de takomst soargje foar ferdivedaasje. De gemeente hat mear as in heal miljoen útlutsen foar it park. De gemeenteried moat noch wol tastimming jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)