Skots Gaelic stjert út

22 maaie 2002 - 00:00

Der moat daliks aksje komme om it Gaelic yn Skotlân te rêden. Dat fynt de Ministerial Advisory Group on Gaelic, dy't in rapport skreaun hat oer de minne situaasje. Der binne no amper 50.000 Gaelic-sprekkers en dat tal nimt ôf. Der binne op it stuit mar 2000 bern dy't Gaelic op skoalle leare.

Gaelic-minister Watson sil de oanrikkemendaasjes yn it rapport besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)