Skot yn útwreiding stadion

04 nov 2003 - 00:00

Yn it Abe Lenstrastadion is tiisdei út ein set mei it pleatsen fan de betonnen lizzers dêr't de nije tribunes op komme moatte. Twa swiere kranen tilden de segminten fan 60 ton it stik te plak.

It tal rijen stuoltsjes op de easttribune wurdt sa ferdûbele en der komme noch trije boulagen boppe-op foar de skyboxen. De útwreiding moat foar de nije kompetysje yn augustus klear wêze en is ûnderdiel fan de ferdûbeling fan de kapasiteit nei 28.000 sitplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)