Skot hagel treft in kuierder

31 des 2012 - 14:13
  • Plysje-embleem

In 39-jierrige kuierder út Feanwâlden is fan 'e moarn yn De Westereen yn syn gesicht rekke troch stikjes metaal út in skot hagel. Hy is oan de lichte ferwûnings behannele yn it sikehús. It slachtoffer rûn yn rekreaasjegebiet de Boppewei doe't hy rekke waard.

Ut ûndersyk waard dúdlik dat it skot lost wie troch in 37-jierrige jager út Broeksterwâlde. De man wie op syn eigen jachtgebiet oan it jeien op fasanten. De wie gjin sprake fan opset of ûnoplettendheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)