Skorsings Cambuur en H'fean

14 sep 2010 - 17:58
  • Léon Hese (foto: Dirk Jan Haarsma)

Cambuurspiler Léon Hese is foar trije wedstriden skorst, wêrfan ien op betingst. Dêrtroch mist de ferdigener de thúswedstriid tsjin Veendam en de bekerwedstriid tsjin topklasser VVSB yn Noordwijkerhout. Hese krige ôfrûne snein fiif minuten foar tiid in reade kaart yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles.

Hearrenfeanspiler Philip Haglund is ek skorst. Hy krige by in wedstriid mei de beloften in reade kaart en is foar trije wedstriden útsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)