Skooter wer fallyt ferklearre

03 sep 2014 - 17:23
  • Skooter-winkels ticht troch fallisemint

Kleanwinkel Skooter is op 'e nij fallyt. Der binne meielkoar 22 fêstigingen yn Noard-Nederlân, it haadkantoar sit yn Ljouwert. De rjochtbank ferklearre tiisdei Noard-Nederlân HSK fallyt. Dat is de bv dêr't Skooter ûnder falt.

In skuldeasker, dy't al langere tiid gjin jild krigen hie, frege it fallisemint oan. Neffens de kurator binne der noch mear krediteuren, lykas de belestingtsjinst. Ferline jier wie der ek al in fallisemint. Oft der no op 'e nij in trochstart komme kin is noch ûndúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)