Skommels oan brêgen Ljouwert

28 feb 2008 - 10:44
  • yn Ljouwert kinne weachhalzen... (foto: Petra Hatley)
  • ... lekker boppe de grêft skommelje (foto: Petra Hatley)

Oplettende kuierders en fytsers ha it miskien al sjoen. Guon brêgen yn de Fryske haadstêd binne sûnt koart opfleure mei reade skommels. Dy hingje mei in tou oan de brêge. Weachhalzen kinne sa boppe de Ljouwerter grêften skommelje.

Op de skommels stiet it Ingelske wurd PLAY skreaun. Moatte Ljouwerters mear boartsje of is it in keunstwurk?

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)