Skoech ferriedt ynbrekker

16 apr 2012 - 10:36
  • skoech

In 22-jierrige man is sneintenacht yn Ljouwert twa kear oanhâlden foar ynbraak. De earste kear siet er yn de boskjes. Yn de Iestrjitte dêr flakby hie de plysje in tas mei ynbrekkersark fûn. De plysje wie dêr nei in tip oer in ynbraak yn in garaazjeboks yn de Reijndersbuert. Nei ferkear mocht de man wer fuort.

Letter dyselde nachts hiene ynbrekkers by in snackbar besocht sigaretten te stellen. By it útnaaien hie ien syn linkerskoech weitôge. Dy brocht de plysje op it spoar fan de 22-jierrige. By thús waard de oare skoech fûn.

De man sit foar neier ûndersyk fêst op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)