Skoarstienpiip De Pein sloopt

25 jan 2008 - 15:50
  • De skoarstienpiip giet tsjin de flakte

Yn De Pein is freedtemiddei de skoarstienpiip fan it âld suvelfabryk tsjin de flakte gien. De fabryk sels is de ôfrûne wiken al sloopt. Hy wie al lang net mear yn bedriuw. It delheljen fan de skoarstienpiip luts freed in soad minsken.

Op it plak dêr't it suvelfabryk stien hat, komme hûzen. Wenningbouferiening Smallingerland hat dêr in plan foar makke. De nijbou begjint ein dit jier en moat yn 2010 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)