Skoarstienbrân yn pleats

15 mrt 2008 - 08:05
  • De brânwacht oan it dwêsten

Op in pleats tusken Tsjalbert en Lúkswâld hast freedtejûn in skoarstienbrân west. De brânwachten fan it Hearrenfean en fan Tsjalbert waarden oproppen om it fjoer te blussen.

Der waard ûnderoaren in ekstra tankwein ynsetten, omdat de brânwacht net maklik oan wetter komme koe. Uteinlik is it slagge om de brân te beheinen ta de skoarstien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)