Skoarstienbrân yn hûs mei reiden tek yn Bontebok

21 mrt 2016 - 20:24
  • De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle

De brânwacht gie moandeitejûn mei ferskate auto's nei in skoarstienbrân oan it Boskpaad yn Bontebok. Omdat it om in wente gie mei in reiden tek yn it bûtengebiet waarden fuortendaliks ekstra blusauto's nei it hûs stjoerd. Doe't de brânwacht te plak kaam wiene alle bewenners al út it hûs.

De brânwacht krige it fjoer frij gau ûnder kontrôle. Stichting Salvage waard oproppen om de bewenners te stypjen by it ôfhanneljen fan de skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)