Skoarstienbrân yn Bears

17 jan 2006 - 12:51

In hûseigner yn Bears wist moandei mei help fan 'e brânwacht in skoarstienbrân út te krijen. De man wie thús mei frou en soan, doe't er hearde dat de buis yn syn skoarstien knapte. It gefolch wie fjoer yn 'e skoarstienmantel en bûtendoar fleagen de fonken ta de skoarstien út.

De man krige it fjoer yn 'e hûs út troch der modder op te smiten. De brânwacht makke de skoarstien oan de boppekant skjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)