Skoarstien Eastersee gjin mêst

16 nov 2001 - 00:00

Der wurde foarearst gjin antennes foar it mobile tillefoanferkear pleatst op de skoarstien fan it âld molkfabryk yn Eastersee. Dat hat te krijen mei de ynvestearringsstop fan KPN.

Lemsterlânske riedsleden fine dat der maatregels komme moatte, om't de sitewaasje by de piip ûnfeilich is. Neffens wethâlder Heyl falt dat wol ta. KPN is eigner fan de skoarstien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)