Skoalreedriden krijt ferfolch

11 mrt 2005 - 09:29

It skoalreedriden moat nei 2007 in ferfolch krije. Dat fynt steatssiktaris Ross fan sport en wolwêzen. De steatssiktaris wie tongersdei op besite yn Thialf en wie tige entûsjast oer it projekt fan Henk Gemser, dat alle bern de gelegenheid jout om it reedriden te learen.

De subsydzje rint lykwols mar oant 2007. Neffens Ross binne der dêrnei noch wol oare subsydsjemooglikheden. It projekt kostet meiïnoar 80.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)