Skoalprojekt oer seks

13 mrt 2008 - 21:39

Bern fan 25 basisskoallen yn Fryslân krije takom wike foarljochting oer seks en relaasjes. De GGD hat in spesjaal projekt opsteld dat bern fan de klassen 1 oant en mei 8 fertelt oer ûnder oare de gefaren fan ynternet.

Fierder prate bern oer relaasjes en hoe't je mei elkoar om hearre te gean. Juffen en masters ha ekstra trening krigen om mei bern oer dizze ûnderwerpen te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)