Skoalleplan Frjentsjer op losse skroeven

17 des 2014 - 21:18
  • Skoalboerd

De ûnderwiisstichting Radius lûkt him werom út in plan om yn Frjentsjer de iepenbiere basisskoalen Kleyenburg en Fûgelflecht ûnder te bringen yn in multyfunksjonele akkommodaasje. Oer de bou fan it sintrum wurdt al jierren praat en de gemeente Frjentsjerteradiel hat der ek jild foar beskikber. Radius lûkt him út it projekt werom om't it learlingetal flink ôfnimt en de nijbou te grut wêze sil. De direksje hat besletten om personiel en learlingen gear te foegjen ta ien skoalle yn de Kleyenburg.

Neist de twa iepenbiere skoallen soe ek de kristlike basisskoalle de Korendrager yn de nijbou romte krije. Troch it beslút fan Radius giet de bou foarearst net troch en sil de gemeente him beriede moatte oer de takomst fan it skoallekluster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)