Skoallen yn problemen

13 jun 2007 - 14:27

De besuniging op fuortset ûnderwiis bringt skoallemienskippen op it plattelân yn finansjele problemen. Foar ûnderwiisorganisaasje CVO Súdwest Fryslân betsjut it in ferlies fan 12 foltiids dosintebanen.

It kabinet wol 84 miljoen besunigje op fuortset ûnderwiis. It giet om jild dat útlutsen wie om skoallen ta fusys te prikkeljen. It nije kabinet wol lykwols ôf fan dy fusys, omdat dy liede soene ta 'learfabriken'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)