Skoallen ûnder 100 bern slute

14 feb 2013 - 11:12

Basisskoallen mei minder as 100 learlingen moatte slute. Dat advisearret de ûnderwiisried oan it ministearje fan ûnderwiis. No leit de ûndergrins noch op 23 learlingen. De ûnderwiisried beweart dat lytsere skoallen faker in matige oant swakke kwaliteit hawwe. Ek binne lytse skoallen djoer en stiet de kwaliteit fan it ûnderwiis ûnder druk. Dêrom krijt steatssekretaris Sander Dekker fan ûnderwiis it advys dy skoallen te beheinen.

Sawol de lytse skoallen as de polityk yn Fryslân binne skrokken fan it berjocht dat de opheffingsnoarm mooglik ferhege wurdt fan 23 nei 100 learlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)