"Skoallen ticht yn SW-Fryslân"

20 apr 2012 - 10:09
  • Skoalboerd

Kristlike ûnderwiisynstelling Nije Gaast yn Súdwest-Fryslân wol seis fan de fyftjin basisskoallen slute. Dat hat de direksje fan Nije Gaast witte litten. De basisskoallen fan It Heidenskip, Sondel, Ealahuzen, Molkwar, Wikel en mooglik Nijemardum sille ferdwine, befestiget de direksje.

De sluting is nedich, omdat der hieltyd minder jild fan it Ryk komt omreden fan besunigings. Boppedat sakket it tal learlingen.

De kristlike ûnderwiisynstelling wol fierder mei fjouwer skoallen fan santich learlingen en fiif bernefoarsjennings. Dêr sit dan ek de foar- en neiskoalske opfang yn. Op de bernefoarsjennings soene minimaal 150 learlingen sitte moatte. De ôfrûne dagen hat Nije Gaast âlden en learkrêften fan de fyftjin besteande skoallen op de hichte brocht fan de takomstplannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)