Skoallen ticht, Fryske Gea lilk

21 mrt 2001 - 00:00

De praktykskoalle yn Oentsjerk is woansdei tichtgien fanwegen de útbraak fan tongblier yn ús lân. Alle skoallen fan de Agraryske Opliedingssintra slute oant en mei moandei har doarren. Sa'n 3000 studinten moatte dêrtroch thús bliuwe.

It Fryske Gea is lilk om't de bisten yn har gebiet net yninte wurde meie. De ekskurzjes binne ôfsein. Tydlike meiwurkers en stazjêres binne nei hûs stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)